Peal Ruterskertier brekt ôf

21 feb 2007 - 12:03
  • de peallen fersinke yn de grûn
  • de peallen steane healwei it Ruterskertier

Ien fan de pealtsjes dy't it Ruterskertier yn Ljouwert ôfslute moat foar ferkear, is tiisdei folsein ôfbrutsen nei't der in auto tsjinop riden is. It is de sande kear dat in persoane-auto mei flinke skea ta gefolch tsjin ien fan de peallen oanriden is. De peal is deselde middeis alwer ferfongen.

De peallen moatte auto's út de binnenstêd hâlde. Bussen en ambulânses kinne der wol by del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)