PC-winners huldige yn St Jabik

04 aug 2006 - 10:27

It winnende PC-partoer fan Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra is woansdeitejûn huldige yn Sint Jabik. Dat is it wenplak fan kening Taeke Triemstra.

Se waarden yn in koets troch it doarp riden en yn it doarpshûs wie in resepsje. It waard in grut feest want it hiele doarp wie útrûn. It trio Van der Meulen wûn yn de PC-finale fan de winners fan ferline jier, Rutmer van der Meer en Chris en Jacob Wassenaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)