PC wer los nei rein

04 aug 2010 - 16:52

De PC is om healwei fiven hinne wer los gien nei oardel oere stillizzen. Om trije oere wie it fjild te min fanwege de rein. Der stie safolle wetter dat it in drekboel wie dêr't it ek noch glêd op wie. De organisaasje besleat dêrop de wedstriid stil te lizzen.

De perken binne ferlein en der is fieders stutsen mei heafoarken en rôle mei in hânwalske. Doel dêrfan wie it fjild wer yn bettere kondysje te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)