PC stillein fanwege rein

04 aug 2010 - 15:35

De PC yn Frjentsjer is om trije oere stillein fanwege it minne waar. De rein kaam mei bakken út 'e himel. It wetter koe sa gau net fuortkomme op it spylfjild op it Sjûkelân. Foar de spilers waard it in modderpoel en boppedat wie it fjild sjippeglêd.

De perken wurde ferlein sadat der spile wurde kin op de bettere stikken fan it fjild. Der wurdt ek prikt en rôle om it fjild yn bettere kondysje te krijen. Dêrnei wurdt besletten oft de wedstriid wer út ein sette kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)