PC set op tiid útein

01 aug 2012 - 11:12
  • It Sjûkelân yn Frjentsjer

De PC yn Frjentsjer, it grutste keatsevenemint yn de wrâld, is fan 'e moarn moai op tiid en mei moai waar útein set. Nei de taspraak fan foarsitter Johannes Westra yn de Korenbeurs waard de earste bal yn it spul brocht om healwei tsienen.

De earste beide partijen tusken de partoeren fan Jan Dirk de Groot en Dirk-Yde Sjaarda en dy fan Site Ferwerda en Johan van der Meulen smieten gjin ferrassings op. De partoeren fan De Groot en Van der Meulen pakten sa as ferwachte de winst.

 
 

Earste omloop

1.Jan Dirk de Groot tsjin 2.Dirk-Yde Sjaarda 5-2 6-2
3.Site Ferwerda tsjin 4.Johan van der Meulen 4-5 0-6
5.Pieter Vogels tsjin 6.Michiel Scheepvaart 2-5 2-6
7.Gert-Anne van der Bos tsjin 8.Haye Jan Nicolay 5-3 6-4
9.Martijn Olijnsma tsjin 10.Peter van Zuiden 5-3 6-4
11.Pieter Bakker tsjin 12.Bauke Triemstra 3-5 6-6
13.Pieter van Althuis tsjin 14.Hendrik Tolsma 0-5 6-6
15.Jelte-Pieter Dijkstra tsjin 16.Menno van Zwieten 5-2 6-6
Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)