"PC kin flugger en oantrekliker"

30 jul 2015 - 12:58

De PC yn Frjentsjer kin wol wat oantrekliker makke wurde foar it publyk. Dat seit Tjalling van den Berg fan It Hearrenfean. Hy is by de keatssport belutsen mei de sportoplieding CIOS, dy't nije generaasjes keatstrainers opliedt. Van den Berg fûn de PC moai, mar ek fierste lang duorjen.

Van den Berg fynt dat it publyk wol wat mear útlis krije kin fan de speakers by de keatswedstriid. Fierders moat de tiid foar it ynslaan koarter wurde, sadat de partijen rapper nei-inoar spile wurde kinne.

Ferskate sporten binne de lêste jierren flugger en oantrekliker makke, seit Van den Berg. De keatssport moat dêryn meigean om oantreklik te wêzen foar nije generaasjes sporters en sportleafhawwers.

Neffens keatskenners wie de PC fan dit jier ridlik saai. De finale wie iensidich en gau dien en der wiene ek oare partijen mei mar in bytsje spanning. Guon kenners tinke dat dat komt troch it ynfieren fan it pleatsen fan de toppartoeren. Dêrtroch soene der yn de earste en twadde omloop minder spannende partijen wêze.

KNKB-foarsitter Wigle Sinnema tinkt ek dat de PC der net oan ûntkomme sil om mei de tiid mei te gean. Mar it hoecht fan Sinnema net allegearre flugger te gean. Neffens him is de 'traachheid' fan de PC-dei krekt ien fan de sjarmes fan de keatssport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)