PC Frjentsjer rêstich ferrûn

30 jul 2009 - 09:57

De PC is neffens de plysje goed ferrûn. De plysje hâlde mei help fan portiers en befeiligingspersoniel it PC-terrein en it sintrum fan Frjentsjer yn de gaten. Der waarden 13 boetes útdield fanwege wyldpisjen en twa prosessen-ferbaal útskreaun foar riden ûnder ynfloed. De plysje hâlde ek noch twa minsken oan omdat se drugs brûkten. Yn beide gefallen gie it om kokaïne.

Doe't it begong te tongerjen, waard it gau rêstiger yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)