PB-ûndersyk ûntuchtfertochte

25 sep 2008 - 14:44
  • Ien famke waard oansprutsen by maneezje

De Burgumer (34) fertochte fan ûntucht mei trije famkes út Burgum moat ûndersocht wurde yn it Pieter Baan Centrum fan 'e rjochtbank Ljouwert. It Iepenbier Ministearje hie dêrom frege. It wol in better byld krije fan de psychyske tastân fan 'e man.

De Burgumer waard begjin juny oppakt om't er in famke fan 6 jier knoeid hie. In wike letter diene in 17-jierrich famke en in famke fan 9 jier ek noch oanjefte tsjin de man. It ûndersyk duorret seis wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)