PB Sânhuzen organisearret eigen byienkomst nei famyljedrama

11 jan 2016 - 11:10
  • It hûs by Sânhuzen dêr't it drama him ôfspile hat

Pleatslik Belang fan Sânhuzen hâldt moandeitejûn in eigen gearkomste foar de ynwenners, nei oanlieding fan it famyljedrama. De 41-jierrige bewenner fan in hûs oan de IJkenwei brocht freedtejûn syn 34-jierrige frou om it libben en die dêrnei himsels tekoart.

Neffens foarsitter Digma Santing is it doarp bot oandien troch it drama en is der in soad ferlet om der meielkoar oer te praten. De byienkomst is nei de offisjele gearkomst yn it gemeentehûs yn Wolvegea en wurdt hâlden yn de kantine fan de fuotbalklup, dêr't de bern lid fan binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)