Payrollers bliuwe oan it wurk foar de gemeente Hearrenfean

11 jun 2015 - 23:20

Boargemaster en wethâlders fan it Hearrenfean gean troch mei it ynhieren fan minsken middels in saneamde Payroll konstruksje. It giet om 29 minsken. De PvdA tsjinne justerjûn in moasje yn om hjir mei te stoppen omdat dizze minsken faaks minder rjochten ha as wurknimmers dy't bygelyks in fêst kontrakt ha of middels in útstjoerburo wurkje.

Dy moasje krige lykwols fierder gjin stipe en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fynt net dat sy wat ferkeard dogge. Dus feroaret der neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)