Paviljoen It Amelân de bêste?

07 jul 2010 - 20:18
  • Miskien it bêste strânpaviljoen fan Nederlân?

It strânpaviljoen 'De Buren van Nes' op It Amelân is yn de race foar de titel 'strânpaviljoen fan it jier'.

Besikers koene fia ynternet stimme op har favorite paviljoen en promoasjeteams wiene op paad om besikers te freegjen nei har oardiel oer de paviljoens. Uteinlik binne der seis nominearren oerbleaun, dy't tongersdei yn Scheveningen hearre wa't úteinlik de winner is. Yn de sjuery sit ûnder oare Rob Geus, bekend fan it programma 'de Smaakpolitie'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)