Pavel Kulizhnikov is de earste ûnder de 34 sekonden

20 nov 2015 - 23:22
  • Pavel Kulizhnikov

Pavel Kulizhnikov is de earste reedrider dy't de 500 meter yn minder as 34 sekonden ôflein hat. De Rus ferbettere syn wrâldrekôr fan in wike lyn yn Calgary (34.00) mei twahûnderste. Yn Salt Lake City waard it alsa 33.98. De Nederlânske manlju kamen krekt net op it poadium. Kai Verbij waard fjirde yn 34.36, Ronald Mulder fiifde yn 34.37 en Jan Smeekens sechsde yn 34.41. Hein Otterspeer waard teloarstellend 19e.

De Nederlânske sprintfroulju einigen op de 500 meter yn Salt Lake City by de striid om de wrâldbeker yn de efterein. Margot Boer waard trettjinde yn 37.96, Janine Smit achttjinde yn 38.33 en Floor van den Brandt njoggentjinde yn 38.37. De winst wie foar de Sinese Hong Zhang yn 36.57. Brittany Bowe waard twadde yn 37.03 en Heather Bergsma-Richardson tredde yn 37.13.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)