Paulusma warskôge Wetterskip

19 okt 2012 - 20:13

Waarman Piet Paulusma hat Wetterskip Fryslân begjin jannewaris wol deeglik warskôge dat yn de earste wike fan 2012 in soad reinwetter falle soe. Paulusma reagearret dêrmei op útlittings fan dykgraaf Paul van Erkelens. Dy sei dat it Hooglandgemaal by Starum op nijjiersdei twa kear stillein is. De earste kear fanwege in steuring, en de twadde kear omdat minder reinwetter ferwachte waard.

Neffens Paulusma wist it wetterskip dat der mear wetter falle soe, omdat hy warskôge hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)