Paul van Erkelens is foar tredde kear beneamd as dykgraaf

16 des 2015 - 12:35
  • Underwetterdrone (argyffoto)

Wetterskip Fryslân hat Paul van Erkelens opnij beneamd ta dykgraaf. Van Erkelens hat dizze funksje al sûnt 2004. Per 1 jannewaris ôf giet syn tredde termyn fan seis jier yn. De dykgraaf is de foarsitter fan it wetterskip. Hy is ferantwurdlik foar it deistich bestjoer fan it wetterskip.

De herbeneaming fan de dykgraaf moat goedkard wurde troch de Kening. Yn febrewaris wurdt Van Erkelens offisjeel beëdige.

Eveline Kuil is beneamd as waarnimmend sekretaris-direkteur fan it wetterskip. Sy folget Micha van Akkeren op, dy't de oerstap makke nei De Friese Poort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)