Pauguozzen briede yn Fryslân

12 jun 2006 - 10:49

Wylde pauguozzen oftewol 'brandganzen' briede yn Fryslân en dêrmei hat ús provinsje der in nije stânfûgel by. Dat seit Romke Kleefstra fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology.

It is net foar it earst dat pauguozzen briede yn Fryslân. Der waard lykwols altyd sein dat it om ferwylderde bisten gong. Dizze maityd sieten der echt wylde guozzen by yn de briedkoloanje fan de Alde Feanen. Dat wiene twa wyfkes út Sweden en Ruslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)