Patatwein trochinoar skodde

13 maaie 2007 - 16:14

De plysje hat sneintemoarn in 20-jierrige ynwenner fan Bitgummole oanhâlden. Mei oaren hie er in patatkream oanfallen. De wein stie op it feestterrein by it Bosk.

De manlju hiene de patatkream hinne en wer skodde. Dêrtroch wie it frituerfet yn it rûn flein. It fet mei in temperatuer fan goed 180 graden celcius rekke de útbater krekt net. De plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)