Patat fan wâldbeantsjes

22 feb 2013 - 15:40
  • Sjuery priuwt patat fan wâldbeantsjes
  • It wâldbeantsje yn droege foarm
  • De sjuery oan it patat priuwen
  • It wâldbeantsje as loempia

Om it wâldbeantsje ûnder de oandacht te bringen siket in sjuery freed út hokker supermerk de aardichste promoasje-aksje betocht hat. De wedstriid moat minsken bewust meitsje fan de groei fan nepstreekprodukten. Under de namme Gele of Friese Woudbonen lizze wâldbeantsje út Seelân en Noard-Hollân yn de winkels.

De supermerk yn Langwar hat in aksje betocht mei de pleatslike hoareka. De restaurants en de snackbar dêr meitsje ferskate gerjochten mei it wâldbeantsje. Sa wurde der patat en loempia's fan bakt, en tapenade en salade fan makke.

De winner krijt in Wâldbeantsjebokaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)