'The Passion' dochs nei Drachten

25 mrt 2004 - 00:00

Baptistedûmny Bottenbley fan 'e Betheltsjerke yn Drachten hat der persoanlik foar soarge dat de film 'The Passion of the Christ' fan Mel Gibson ek yn Drachten te sjen wêze sil. De bioskoop wie dat yn earste ynstânsje net fan doel, omdat der gjin skoft yn 'e film sit. Mar doe't de direkteur de film seach op fersyk fan Bottenbley luts de man syn beswieren yn.

Bottenbley neamt de film, dêr't ek in soad krityk op is, 'yndrukwekkend'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)