'Passie Bolsward' útferkocht

09 apr 2014 - 22:21
  • It Peaskespektakel 'Passie in Bolsward' is hielendal útferkocht

Alle kaarten foar de 'Passie in Bolsward' binne útferkocht. Dat betsjut dat der de kommende dagen goed 600 minsken komme te sjen nei de spesjale foarstelling oer it lijensferhaal, dat op ferskate lokaasjes yn de stêd spile wurdt. Sa begjint en einiget it ferhaal yn de Broeretsjerke, mar wurdt der dêrneist ûnder oare spile yn in boarterstún en yn in boatsje yn de grêft.

De foarstelling is in moderne fersy fan it Passyferhaal oer de lêste dagen fan Jezus Kristus. It grutste part fan de rollen yn Boalsert wurdt spile troch jongerein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)