Passen kwyt troch nije pinnen

08 jul 2011 - 14:25

It tal passen dat by de Friesland Bank as ferlern oanmeld wurdt, is sûnt begjin dit jier mei tritich persint tanaam. Dat komt foaral troch de ynfiering fan it nije pinnen, wêrby't je de pas yn it apparaat sels stekke, ynstee fan him dertroch te heljen.

Winkels en oare bedriuwen bliuwe geregeld mei passen sitten, omdat minsken dy ferjitte derút te heljen. Banken ha mei de bedriuwen goeie ôfspraken makke oer wat se dan dwaan moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)