Passearplakken by diken op komst

02 des 2005 - 13:54

Der sille de kommende jierren by ferskate diken yn Fryslân spesjale passearplakken oanlein wurde. Dat binne plakken oan smelle diken, dy't it ferkear brûke kin om mekoar te passearjen.

It bart neffens de provinsje no faak dat auto's de bermen stikken ride, omdat twa foertugen net neist elkoar op de dyk bliuwe kinne. Der komt no earst in proef op de paralleldyk tusken Drachten en Easterwâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)