Paskes jongerein foar wyksintra

09 jan 2003 - 00:00

Jongerein dy't in wyksintrum yn wolle, moatte harren legitimearje. Dat seit jongereinwurker Ten Zijthoff fan Ljouwert. Hy fynt dat der paskes komme moatte dy't tagong ta alle sintra jouwe.

Lestige jonge besikers soargje geregeld foar opskuor yn 'e wyksintra. Dêr moat mei de legitimaasje in ein oan komme. De Stichting Wykwurk Ljouwert wol no mei oare ynstellings om de tafel om oer it paskesysteem te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)