Paske foar skoalbern

16 apr 2001 - 00:00

Bern út Eanjum en Ie krije in paske om yn Dokkum nei skoalle te kinnen. Dokkum leit bûten it besmette gebiet. Foar de fytsende bern wurdt in nije ûntsmettingspost ynrjochte by Eastrum.

Learlingen fan 'e basisskoallen yn Eanjum en Ie dy't bûten de 2-km-sône wenje, moatte nei in ûntsmettingspost ta brocht wurde. De skoalle hellet se op. Boerebern wurdt oanret thús te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)