Pasjinten: parkearplak betelje

26 mrt 2001 - 00:00

Pasjinten en besikers fan it Antoniussikehûs moatte tenei betelje om op it sikehûsterrein parkeare te kinnen. It parkearjild is bestimd foar befeiliging.

It Snitser sikehûs hat hieltiten mear lêst fan fernielings en stellerij. Fan it jild dat it parkearen opsmyt betellet it sikehûs befeiligingskamera's. Ek komme der tenei dei en nacht surveillanten op it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)