Pasjinten meie dochs smoke

27 sep 2003 - 00:00

Psychiatryske pasjinten meie ek yn de takomst smoke op har eigen keamer. Dat hat minister Hoogervorst fan Folkssûnens bekend makke. Earder hie it ministearje plannen om psychiatryske ynstellingen hielendal oan te wizen as iepenbiere romten.

Troch dy maatregel soe it foar pasjinten ek ferbean wêze om op har eigen keamer te smoken. De GGZ fynt it in goed beslút dat de minister in útsûndering makket foar de pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)