Pasjinten GGZ-Fryslân wenje goed

10 jul 2003 - 00:00

Psychiatryske pasjinten fan de GGZ-Fryslân libje yn goede wenomstannichheden. Dat seit in wurdfierder fan koepelorganisaasje GGZ-Nederlân. Der is in ûndersyk hâlden ûnder fjirtich lidynstellingen.

Dêrút die bliken dat 40 persint fan de psychiatrysk pasjinten ûnder de maat wennet. Yn Fryslân is dat net it gefal. By de GGZ-Fryslân is it sanitêr goed en binne de keamers fan de pasjinten grut genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)