Pasjinten Dronryp wer nei hûs

06 nov 2009 - 13:59
  • It MCL yn Ljouwert

It Medysk Sintrum Ljouwert hat freed sân minsken binnenkrigen as gefolch fan de konfrontaasje mei in wolk salpetersoer yn Dronryp. It giet om meiwurkers fan it tsiisfabryk en plysjeminsken. Fan 'e sân hoegde mar ien behannele te wurden. De oare seis binne previntyf besjoen, mar hoegden net behannele te wurden. De pasjinten hiene benammen lêst fan de luchtwegen en de slymfluezen. Alle pasjinten koene freedtemiddeis om ien oere hinne wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)