Pasjinten De Sionsberg opfongen yn Drachten en Ljouwert

01 des 2014 - 12:21

It MCL yn Ljouwert hat de ôfrûne dagen folle mear pasjinten as oars yn it sikehûs krigen. Dat seit wurdfierder Frits Mostert. It MCL ûndersiket no oft de groei ferbân hâldt mei it sluten fan de Sionsberg yn Dokkum. Om hoefolle pasjinten it giet en wat de gefolgen binne foar de kwaliteit fan de soarch, wol it MCL noch neat oer sizze.

Wurdfierder Dick van Driel fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten seit dat it tafalt mei ekstra drokte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)