Pasjinteferfier Waadeilannen foarearst noch troch definsje

01 jul 2015 - 21:18
  • In legerhelykopter op it dak fan it sikehûs yn Ljouwert

It ferfier fan pasjinten fan de Waadeilannen ôf sil ek de kommende tiid noch troch definsje dien wurde. Doel wie dat it wurk op 1 july oer gie nei de Regionale Ambulance Voorziening, mar in Belgysk bediuw focht dy gunning mei sukses oan by de rjochter. Der is no ôfpraat dat definsje it wurk dwaan bliuwt salang't der gjin nije ferfierder is.

Definsje docht it ferfier net mear fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf, mar fan it fleankamp De Kooy yn Den Helder. Dat is omdat oars oare aktiviteiten op de Ljouwerter fleanbasis yn 'e knipe komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)