Pasjinteferfier Waadeilannen bliuwt foarearst by definsje

28 jul 2015 - 10:38
  • In legerhelykopter op it dak fan it sikehûs yn Ljouwert

Definsje giet foarearst troch mei pasjinteferfier op de Waadeilannen. De Fryske regionale ambulânsetsjinst RAV woe dat de ANWB it ferfier mei yngong fan 1 july dwaan soe, mar it Belgyske helikopterbedriuw Heliventure spande dêr in saak tsjin oan. De rjochter bepaalde dat de RAV earst mei de Belgen om tafel moast.

Beide partijen binne der net út kaam. De RAV wol no de hiele oanbesteging oerdwaan. Oant dy tiid docht definsje it eilânferfier. Neidiel is wol dat dy helys mear lûd meitsje en dat se te swier binne foar it dak fan it UMCG Grins.

Definsje wol fanwege besunigings fan it pasjinteferfier ôf.

UPDATE: Der komst dochs in nije oanbesteging fan it helikopterferfier fan pasjinten fan de Waadeilannen nei de fêste wal. Dat hat de regionale ambulânsefoarsjenning fan Fryslân (RAV) tiisdeitemiddei besletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)