Pasjinte fertocht fan brân MCL

21 mrt 2005 - 10:04

De plysje fertinkt in frou (25) út Ljouwert fan it oanstekken fan in brân snein yn it MCL yn Ljouwert. It giet om in brân yn it Jelgerhuis, dêr't minsken mei psychyske problemen behannele wurde. De brân ûntstie yn in matras yn de keamer fan de frou.

De brânwacht hie de brân yn koarte tiid ûnder kontrole, de skea bleau dêrtroch beheind. Nei de brân wie de frou fuort, se waard werom fûn yn har wente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)