Pasjint stekt âlden del

05 okt 2004 - 09:58

In psychiatrysk pasjint út Sint Anne hat ferline wike syn heit en mem delstutsen. De man woe út it libben stappe en dêrby ek syn mem ombringe. Doe't syn stiefheit besocht yn te gripen waard dy ek delstutsen, wêrnei't de pasjint himsels delstuts.

De heit en mem ha in skoft op de intensive care lein en ha moandei it sikehûs wer ferlitten. De dieder is opnaam yn in ynrjochting yn Assen. Hy wie al langer psychiatrysk pasjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)