Pasana praat mei Kwadrantgroep oer oername âldereinsoarch

28 nov 2014 - 14:30

Soarchgroep Pasana is op dit stuit mei ferskate ynstânsjes yn petear oer in eventuele oername fan de âldereinsoarch. Ien fan de petearpartners is de Kwadrantgroep. Dizze groep hat ûnder oare ek sizzenskip oer soarchorganisaasje De Friese Wouden.

In wurdfierder fan de Kwadrantgroep kin net sizze wat de status fan de petearen op dit stuit is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)