Pasana jout 160 meiwurkers dien

11 maaie 2015 - 11:12
  • Stockfoto komkommer

Soarchgroep Pasana hat it ôfrûne wykein 160 meiwurkers ûntslein. Se hawwe dit fia de telefoan te hearren krigen. De Kwadrantgroep en ZuidOostZorg namen Pasana oer, mar moatte wol yngripe om de organisaasje finansjeel sûn te krijen.

Neffens kurator Hans Silvius binne de measte soarchmeiwurkers oan it wurk bleaun. De ûntslaggen binne benammen fallen yn de keuken, waskerij, leanadministraasje en it management. Sa'n 80% fan de minsken hat opnij in baan krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)