Pasana: fersoargingshuzen ticht

05 nov 2014 - 09:40
  • Soarchsintrum De Stelp op It Amelân
  • De Spiker yn Ternaard
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

Soarchgroep Pasana slút trije fan de acht fersoargingshuzen. It giet om De Stelp yn Hollum op It Amelân, De Spiker yn Ternaard en Talma Hoeve yn Feanwâlden. De Hale yn Damwâld en De Oase yn Dokkum wurde opnaam yn de Waadwente yn Dokkum. Troch de slutings steane 150 banen faai. By de soarchgroep wurkje 1.400 minsken. Ein desimber 2017 moat de reorganisaasje dien wêze.

Neffens Pasana is de maatregel nedich om't hieltyd minder minsken yn de soarchynstellings ferbliuwe. Dat hat te krijen mei gruttere selsredsumheid en feroarjende regels.

De Stelp hat 25 keamers, De Spiker 70 keamers en Talma Hoeve 62 keamers. De trije lokaasjes dy't slute, foldogge net mear oan de easken fan dizze tiid. Ferbou of nijbou is net helber. Bewenners komme net op strjitte te stean. Yn oerlis mei kliïnterieden wurdt sjoen hoe't de bewenners ynformearre wurde.

Pasana wol der neffens eigen sizzen alles oan dwaan om de meiwurkers oan it wurk te hâlden. Mooglik yn in oare funksje as no. De direkteur wol ek de bewenners gerêststelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)