Pas yn 2005 dúdlikheid oer stipe

21 okt 2003 - 00:00

It ryk sil pas yn 2004 of 2005 beslute oft de stipe oan Noard-Nederlân yn it ramt fan it regionaal ekonomysk belied trochgiet. Steatssiktaris Van Gennip fan ekonomyske saken hat dat oan de Twadde Keamer skreaun as antwurd op keamerfragen fan PvdA, ChristenUnie en SGP. Dy woene witte oft de ryksstipe oan it noarden trochgiet nei 2006.

Steatssiktaris Van Gennip die koartlyn de útspraak dat it ryk nei 2006 ophâlde sil mei de stipe oan it noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)