'Pas regels fan Nuon-jild oan'

07 nov 2012 - 11:39
  • Provinsjale Steaten

Kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP wolle de kritearia foar it brûken fan it Nuon-sparjild mooglik oanpasse. Ek om't it ryk de provinsje ferplichtet om it sparjild tenei by de oerheid te stallen. No binne der noch strange regels foar it útjaan fan it Nuonjild.

De ferwachting is dat der yn 2016 sprake is fan 1,1 miljard euro Nuon-reserve. De provinsje wol ek de 50 miljoen euro foar it nije Thialf dêrút betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)