'Pas op foar frjemd folk'

23 des 2010 - 20:53

It liket derop dat de dieverij fan 15 bûtenboardmotoaren út in wettersportbedriuw yn Kollum net op himsels stiet. De plysje warskôget wettersportbedriuwen dan ek om wach te wêzen op 'frjemd folk'.

Ek yn Noard- en Súd-Hollân is yn de ôfrûne moannen ferskate kearen ynbrutsen by bedriuwen mei boaten. De motoaren fan dizze dieverij binne yn novimber foar in part werom fûn yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)