Pas nei wykein beslút oer Burd

06 jan 2012 - 17:32

De evakuearre bewenners fan eilân De Burd krije pas op moandei te hearren oft se wol of net nei harren hûs werom kinne. De situaasje op it eilân bliuwt krityk fanwege it hege wetter en de weake diken. Foardat de minsken wer werom kinne moat it wetter omleech en moat in skou fan it wetterskip oantoane dat it wer feilich is. Dat seit foarsitter Crone fan de feilichheidsregio Fryslân. Crone brocht freed yn it selskip fan steatssiktaris Atsma in besite oan De Burd. Crone waard twa dagen lyn foar it earst warskôge dat it de ferkearde kant op gie mei it hege wetter.

Ferd Crone is net ûntefreden oer de helpferleining sa't dy de ôfrûne twa dagen op gong kaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)