Pas letter mear bluswetter

25 aug 2006 - 10:15

De brânwacht hat tsjin 3.30 oere tongersdeitemoarn de ynskatting makke dat it yn Bilgaard om in hiele grutte brân gie. Doe is ek besletten om in soad kapasiteit oan bluswetter oanrukke te litten.

Dat hat de brânwacht bekend makke, nei krityk fan minsken dat der sa let grut materieel ynset waard. Mar it wie net earder te foarsjen dat de brân him sa ûntwikkelje soe, seit de brânwacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)