Pas foar 3 euro de haven út

02 maaie 2011 - 21:38

Nederlânske en Dútske garnalefiskers ha moandei op in oerlis yn Oldenburg ôfpraat dat se net earder wer fiskje sille as wannear't se trije euro de kilo barre. De fiskers lizze al in wike yn 'e haven om't se it net iens binne mei de lege prizen.

Oant no ta hat dy aksje net in soad opsmiten. Wol soe de hannel yndividueel fiskers benaderje. Se biede har dan al trije euro de kilo. Mar de fiskers binne solidêr en bliuwe mei har allen yn 'e haven lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)