Partysintrum 'De 2 Gemeenten' mei iepen mei de krystdagen

10 des 2015 - 10:48
  • Partysintrum De 2 Gemeenten yn Jirnsum

Partysintrum 'De 2 Gemeenten' yn Jirnsum mei dochs iepen mei de krystdagen. Dat meldt de hoarekasaak op syn Facebookside. Begjin desimber bepaalde boargemaster Crone fan Ljouwert dat de saak in moanne ticht moast. Oanlieding wie in grutte fjochtpartij yn de nacht fan 21 op 22 novimber foar de doar fan 'De 2 Gemeenten'. In groep stappers kearde him doe tsjin de plysje. Crone sei dêrnei dat er fynt dat de eigener de saken al in skoft net op oarder hat en dêrom besletten hat de gelegenheid te sluten.

Sa soene der faak tefolle minsken yn it gebou oanwêzich wêze en de portiers soene net sertifisearre wêze.

It restaurant en kafetaria hoegden net ticht en ek de krystmerk en krystfoarstelling mochten gewoan trochgean. Foar it partysintrum makket de gemeente no op de krystdagen in útsûndering. It partysintrum hat op beide krystdagen in optreden fan in band. Wat der nei de krystdagen bart, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)