Partuer Johan Okkinga wint

25 jun 2000 - 19:31

Johan Okkinga, Sake Porte en Auke van der Graaf hawwe snein de frijeformaasjepartij yn Berltsum wûn. It wie harren earste oerwinning sûnt in pear wike. Oan it begjin fan it seizoen waarden hja earste yn Frjentsjer.

Okkinga en syn manlju wûnen yn 'e finale mei 5 om 3 en 6 gelyk fan Rutger van der Meer, Jan-Willem van Beem en Jochem Bouma. Auke van der Graaf waard kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)