Partuer De Groot wint lêste keatspartij fan it seizoen

20 sep 2015 - 17:59
  • It winnende partoer fan de Aldehoupartij

De lêste haadklasse keatswedstriid fan it jier, de Aldehoupartij, wie in trochinoar lotterspartij. Dy waard wûn troch Jan Dirk de Groot, Taeke Triemstra en Pier Piersma. Sy wiene mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Daniël Iseger. Taeke Triemstra pakte it punteklassemint mei 45 punten.

By de froulju giene de krânsen nei Marije Hiemstra, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra. Sy wûnen de trochelkoar-lotterspartij mei 5-3 en 6-0 fan Ilse Tuinenga, Annelien Boersma en Renske Terwisscha van Scheltinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)