Partoer wol ûndersykssintrum

02 jun 2014 - 18:56

Partoer wol ta op ien Frysk kennis-, ûndersyks- en advyssintrum, betelle troch provinsje en gemeenten. Da seit direkteur Ingrid van de Vegte yn reaksje op de besunigings fan de provinsje Fryslân. Partoer, dat him dwaande hâldt mei ûndersyk en advys, moat 1,2 miljoen euro besunigje. Dat betsjut sa'n 12 a 13 banen op in totaal fan 40. De besuniging is it gefolch fan de oerdracht fan provinsjale taken nei de gemeenten.

Om fersnippering foar te kommen, soe gearwurking yn in Frysk Sintraal Planbureau in goed alternatyf wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)