Partoer Wateler wint yn Jorwert

24 maaie 2015 - 18:06

It partoer fan Nieke Wateler, Feikje Bouwhuis en Marrit Zeinstra hat snein it keatsen wûn yn Jorwert. Se woenen mei 5-5 en 6-2 fan Nynke Sijbrandij, Leonie van der Graaf en Geke de Boer. Lang gie it lykop yn de finale tusken beide partoeren fan de trochinoar lotterspartij.

De lytse preemje gie nei it partoer fan Ilse Tuinenga, Marte Altenburg en Manon Scheepstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)