Partoer Wagenaar wint Kimswert

29 maaie 2010 - 18:05
  • It winnende partoer yn Kimswert (foto: KNKB)

De haadklasse útnoegingspartij foar froulju is sneon yn Kimswert wûn troch it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Miranda Scheffer. Yn de finale wiene sy mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Marie-Jetske Lettinga, Maaike Osinga en Gérieke de Groot.

De lytse preemje yn Kimswert wie foar it partoer fan Margriet Koelmans, Romy van der Veen en Afke Hijlkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)