Partoer Wagenaar wint Doanjum

03 jul 2011 - 15:57

Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot binne snein yn Doanjum de winners wurden fan de frije formaasjepartij yn de keatshaadklasse. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar it partoer mei Sjoukje Visser, Aukje van Kuiken en Maaike Osinga.

Osinga wûn sneon mei Frjentsjer noch de Jong Fammepartij. It partoer fan Wagenaar pakte de krânsen, trochdat se de hiele dei deeglik keatsten. Fral oan de opslach wiene amper flaters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)