Partoer Vogels nei PC

26 jul 2012 - 22:08

Pieter Vogels, Steven de Bruin en Jan Sjoerd Tolsma hawwe har tongersdeitejûn yn Frjentsjer pleatst foar de PC. It net selektearre partoer wie yn de keats-off yn de finale te sterk foar Redmer Strikwerda, Feiko Broersma en Bauke Dijkstra. It partoer Vogels wûn de spannende finale pas op 5-5 en 6-4.

It is foar it earst yn de histoarje fan de PC dat it 16e partoer him mei in keats-off pleatse kin foar de belangrykste keatsklassiker yn Fryslân. Foar Steven de Bruin betsjut it dat er kommende woansdei syn debút makket op de 159e PC.

By de keats off waard keatst mei giele linen. In eksperimint wêrfan 't de mearwearde him tongersdeitejûn net echt bewiisd hat, neffens KNKB-foarsitter Sipke Saakstra. Oft der op de PC fan 1 augustus ek mei giele linen keatst wurdt, is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)