Partoer Van der Meulen wint wer

07 aug 2006 - 13:59

It haadklassekeatsen foar manlju snein yn Wytmarsum is wûn troch PC-winners Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Krekt as mei de PC moast it partoer Van der Meulen it opnimme tsjin Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar. De útslach wie 5-1 en 6-4.

De lytse preemje wie foar Sibbele Lootsma, Hylke Bruinsma en marten Feenstra. Sy ferlearen mei 4-5 en 6-6 fan it trio Van der Meulen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)